Tjitske de Boer 105 jier

Yn fersoargingstehûs Saxenoord wie it tiisdei in bysûndere dei. Bewenster Tjitske de Boer-Oosterbaan waard 105 jier. Boargemaster Haveman kaam spesjaal del om frou De Boer te lokwinskjen.
Tjistske de Boer-Oosterbaan waard berne op 17 novimber 1904 te Wytmarsum. Yn 1929 trout se mei Auke de Boer en krijt in soan en in dochter. Allinne har soan libbet noch. Se hat santjin oerbeppesizzers en sân beppesizzers.