Yad Vashem foar Jan Spiekhout

Ald-deputearre Jan Spiekhout krijt de Yad Vashem-ûnderskieding. Hy kriget de ûnderskieding postúm, mei syn ek al ferstoarne heit en mem Durk en Froukje. Yn de oarloch sieten se yn it ferset en holpen se Joadse ûnderdûkers.
De ûnderskieding wurdt útrikt troch it Israëlyske Holocaust-museum. Spiekhout wie nei de oarloch riedslid yn Ljouwert, lid fan Deputearre Steaten en presidint-kommissaris fan de Friese Pers.