Nije plysjeroman yn Ljouwert

Het Koepelmysterie is de titel fan in nije plysjeroman, dy't him yn Ljouwert ôfspilet. In foar de hân lizzende lokaasje, want ien fan de skriuwers is âld-plysjesjef Marc Jacobs. Hy hat him ynspirearje litten troch saken út syn plysjetiid yn de haadstêd.
Wa't it boek lêzen hat, kin mei in kuiertocht fan de VVV plakken yn de stêd by del, dy't yn it Koepelmystearje foarkomme.