108 kilo yllegaal fjoerwurk

De plysje hat sneintemiddei yn in wenning oan de Papaverstrjitte yn Ljouwert 108 kilo yllegaal fjoerwurk yn beslach naam. De 38-jierrige bewenner is oanholden. It is de earste grutte partij yllegaal fjoerwurk dy't de Fryske plysje dit jier yn beslach nommen hat.
De plysjes kamen it fjoerwurk op it spoar neidat buertbewenners melding makke hiene fan fjoerwurkoerlêst. De plysje hat al it fjoerwurk yn beslach nommen. It wurdt letter ferneatige.