Doarp striidt foar behâld PIN

De Rabobank ferliest in soad klanten yn Gerkeskleaster-Strobos en omlizzende plakken as de pinautomaat yn Gerkeskleaster fuort giet. Dat seit pleatslik belang Gerkeskleaster. Neffens de bank wurdt de automaat te min brûkt en dêrom giet it apparaat fuort. Mei in hantekenaksje wol it doarp de bank op oare gedachten bringe.
Slagget dat net dan sizze de minsken harren rekken op en geane se nei in oare bank. Minsken moatte aanst nei Bûtenpost om te pinnen.