Connexxion feroaret tiden
Busferfierder Connexxion rydt fan 13 desimber ôf neffens in nije tsjinstregeling. It bedriuw wol sa de bussen better opinoar of op de trein oanslute litte.
It hâldt wol yn dat guon rûtes feroarje en dat fertrektiden oanpast wurde. In oersjoch fan de wizigings is te finen op de webside fan de ferfierder.