Pjutten hâlde plak yn Sk'lân

16 nov 2009 - 17:05

De lytse pjutteboartersplakken yn de gemeente Skarsterlân bliuwe foarearst iepen. De boarterssealen fan wolwêzensorganisaasje Timpaan yn de lytsere doarpen binne ûnrendabel. Mar it kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol yn alle gefallen de plakken oant 2011 iepenhâlde.

It kolleezje sil yn de tuskentiid mei Timpaan om tafel om te sjen hoe't de opfang fan de pjutten nei 2011 regele wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)