3e Fjoertoertocht útferkocht

De tredde edysje fan de fjoertoertocht is yn ien wykein útferkocht
De tredde edysje fan de fjoertoer-kuiertocht op Skylge is útferkocht. Der rinne op 10 april trijtûzen kuierders oer it eilân. It populêrst is de tocht fan 21 kilometer. Dêr dogge 1600 kuierders oan mei. Fierders kinne ek ôfstannen fan 15 of 42 kilometer rûn wurde.
It bysûndere oan de fjoertoertocht is dat dy foar it grutste part by tsjuster rûn wurdt.