Sneldyk A32 hielendal klear

16 nov 2009 - 13:53

De fernijing fan de sneldyk tusken Teridzert en de grins mei Oerisel is klear. Om dat te fieren traktearde Rykswettersteat de automobilisten moandei op in bakje kofje. In jier lang is wurke oan de A32. Der wie in minne fundearring brûkt, wêrtroch't hobbels yn 'e dyk ûntstienen.

De fernijing fan de A32 hat goed 20 miljoen euro koste, 10 miljoen minder as tocht. Rykswettersteat trakeart ek tiisdeitemoarn noch op kofje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)