Fryske kilometerheffing leger

Deputearre Galema fynt ien taryf foar it hiele lân gjin opsje
Fryske automobilisten moatte nei de ynfiering fan 'e kilometerheffing minder betelje as de automoblist yn de Rânestêd. Boppedat moat de ynfiering fan de heffing en it dêrtroch ferdwinen fan de provinsjale opsinten gjin gat slaan yn de begrutting fan de provinsje. Dat fynt deputearre Sjoerd Galema.
Galema is wol tefreden dat der no einlik in beslút naam is oer it punt. As de minister kiest foar ien taryf, sil de deputearre yn aksje komme.