NOM wol ekstra ynvestearje

De NOM wol ekstra ynvestearje yn it bedriuwslibben
De Ontwikkelings en Investerings Maatschappij voor het Noorden (NOM) kin 16 miljoen euro oan nije ynvestearrings yn it Fryske bedriuwslibben losmeitsje as de provinsje Fryslân har dêrfoar acht miljoen euro lient.
It giet dan om jild dat de provinsje út de NUON- en Essentferkeapen oerhâlden hat. De provinsjes Drente en Grinslân binne ek frege foar in totaalbedrach fan 20 miljoen euro, mar allinnich Drente hat ja sein.