Oanriding op rotonde De Jouwer

16 nov 2009 - 10:05

Twa minsken binne snein ferwûne rekke by in oanriding op it ferkearsplein by De Jouwer. In 66-jierrige autobestjoerster út Castricum ried it ferkearsplein op sûnder foarrang te jaan oan in taksybuske.

De frou út Castricum en in famke fan 14 jier út Haarlem dat by har yn 'e auto siet, rekken ferwûne. Beide moasten nei it sikehûs foar behanneling.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)