Ofskie Herre Zonderland

15 nov 2009 - 17:05

Turnskoalle Hearrenfean hat mei Epke en Herre Zonderland yn de ploech yn Zwijndrecht de nasjonale teamcup turnjen wûn. It toernoai stie yn it teken fan it ôfskie fan Herre Zonderland. Nei tsien jier topturnjen hâldt de man fan De Lemmer dermei op. Mei in puntetotaal fan 251 wie it in ôfskie yn styl.

Op 1 jannewaris 2010 komt Herre Zonderland yn tsjinst fan Sportstêd Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)