Snits Wyt Swart wint

15 nov 2009 - 16:05

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat op it eigen fjild mei 2-1 wûn fan Babberich. Yn in matige earste helte kaam Babberich op in 1-0 foarsprong. Yn de twadde helte mei mear spanning soarge Age Hains Boersma foar de lykmakker. Deselde Boersma makke ek de winnende treffer foar Snits Wyt Swart. De ploech fan trainer Inne Schotanus hat no trettjin punten út tsien wedstriden.

De Jouwer ferlear yn Haaksbergen mei 7-0 fan HSC '31.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)