Alkoholkontrôles yn provinsje

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein sân prosessen-ferbaal útdield oan minsken dy't mei tefolle drank op achter it stjoer fan 'e auto sieten. Ien bestjoerder, in 49-jierrige man út Boarnburgum, siet safolle oer de noarm hinne dat er ek syn rydbewiis ynleverje moast.
Dat wie op de Rispinge yn Drachten. De plysje hold de alkoholkontrôles op ferskate plakken yn 'e provinsje.