Kramer net by efterfolging

Sven Kramer yn aksje op de 5 km (foto: Martin de Jong)
Sven Kramer docht snein by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean net mei oan de ploege-efterfolging. Kramer, lid fan de TVM-ploech, hat koarts en fielt him net lekker. Dat sei coach Gerard Kemkers sneon nei ôfrin fan de fiif kilometer.
Kramer wûn sneon de fiif kilometer mei 0,09 ferskil fan de nûmer twa, Bob de Jong. Sven Kramer wol takom wykein yn Hamar de tsien kilometer winne om him op dy ôfstân te pleatsen foar de Olympyske Spelen.