Sound=Vision op Filmfestival

Op it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert waard sneon it fideo-art festival Sound=Vision holden. It wie de earste produksje fan it Popfabryk yn Ljouwert. Dat is it nije produksjehûs foar popkultuer yn Fryslân.
Byldkeunstners út it VJ kollektyf Nou & Herkauw joegen tegearre mei foarmjouwers en muzikanten fan de Akademy foar Popkultuer in performance. It publyk koe meidwaan troch it meitsjen fan filmkes en foto's.