Keninklik ûnderskieden

15 nov 2009 - 08:40

Twa Friezen hawwe sneon in keninklike ûnderskieding krigen. Elly Bijlsma-Lenz fan De Lemmer krige nei ôfrin fan de yntocht fan Sinteklaas in lintsje. Dat wie omdat se al fjirtich jier belutsen is by de organisaasje fan dy yntocht.

Nei de yntocht fan Sinteklaas yn Stiens wie der in lintsje foar Johan Visser. Visser krige de ûnderskieding omdat er fiifentweintich jier lieding jûn hat oan showband Takostu en dêr no mei ophâldt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)