Aris wint ek yn Leiden

De Friesland Aris is dwaande mei in moaie rige. Sneontejûn waard yn Leiden mei 99-96 wûn fan Zorg en Zekerheid. It wie foar de Ljouwerter basketballers de tredde oerwinning yn ien wike.
De wedstriid wie spannend en mei in protte punten. Healwei wie it ferskil ien punt: 43-42 foar Leiden. It tredde kwart waard mei 30-26 wûn troch Aris, it lêste kwart einige yn 27-27. Tristan Blackwood (21) en Darryl Monroe (20) wiene skoarend op dreef.