Sven Kramer wint 5 km

Net fitte Kramer wint dochs (foto: Martin de Jong)
Sven Kramer is sneon by wrâldbekerwedstriden op Thialf winner wurden fan de 5000 meter. Kramer wie net topfit en koe pas yn de lêste ronden de Noar Havard Bokko ferslaan. Bob de Jong hie de rapste tiid delset.
Sven Kramer kaam út op in tiid fan 6.16,29. Dat wie 0.09 rapper as Bob de Jong. It lêste ferlies fan Kramer op de lange ôfstannen wie op 11 novimber 2007. Yn Salt Lake City wie it de Italiaan Enrico Fabris dy't op de 5000 meter hurder koe.