Akkordeon en treksek populêr

Hieltyd mear minsken spylje op de akkordeon en de treksek. Dat wie sneon te sjen en te hearren op it Ljouwerter Harmoanika-festival dat foar de tredde kear holden waard. Der kamen in pear hûndert minsken út de hiele provinsje op ôf. De measten klommen op it poadium om allinnich of yn in groep op te treden.
Prizen wiene net te fertsjinjen. It gie om de gesellichheid en om mei-ekoar muzyk te meitsjen.