Famke fan telefoan berôve

14 nov 2009 - 14:08

By in bushalte yn Ljouwert is in famke fan 18 jier freed fan har telefoan berôve. Wylst se op de Skrâns op de bus stie te wachtsjen, lei se har jas op it bankje neist har.

In donkere jonge pakte de jas - mei yn de bûse har telefoan - en draafde dermei fuort. In maat fan him naaide mei him út. De tillefoan pakten se út de bûse en de jas goaiden se fuort. De plysje is op syk nei de dieders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)