Twa ferwûnen by oanriding

14 nov 2009 - 13:58

By in oanriding op It Hearrenfean binne freed twa automobilisten ferwûne rekke. Op de krusing fan de Pluto en de Saturnus joech in 52-jierrige automobilist fan De Jouwer gjin foarrang oan in 40-jierrige automobiliste út Jiskenhuzen yn de auto.

De beide bestjoerders binne nei de sikehuzen fan It Hearrenfean en Drachten brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)