Ferwûnings troch fjochterij

14 nov 2009 - 13:54

In 36-jierrige Ljouwerter hat freedtenacht slimme ferwûnings oan syn each oprûn nei't er op de Oldegalileën yn in fjochtpartij behelle rekke wie. De man hie spul mei in kunde. It is net dúdlik is wêr't de rûzje oer gie.

In 37-jierrige Ljouwerter is oanhâlden foar mishanneling en fêstset op it plysjeburo. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)