'Krimpbus' helpt bestjoerders

14 nov 2009 - 13:06

Bestjoerders op it Fryske plattelân en yn oare parten fan Nederlân krije hieltyd mear mei befolkingskrimp te meitsjen. Fragen as 'Hoe moat it mei de skoallen as der aanst minder bern binne, hoefolle wenten en wat foar foarsjenningen binne noch nedich?' komme dan oan de oarder.

Om gemeenten te helpen lit de VNG, de feriening Nederlânske gemeenten meikoarten de 'Gouden Toekomstbus' troch Nederlân ride. Dy Krimpbus sil ek yn Fryslân komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)