SC Cambuur wint fan FC Oss

Mark de Vries skoarde ek wer (foto: Martin de Jong)
Sportklup_Cambuur hat yn in spikergekke wedstriid mei 5-4 wûn fan FC Oss. De Ljouwerters hiene in grut oerwicht, mar wisten dat net yn de skoare ta utering te bringen. Dêrtroch koe Oss hieltyd yn it spoar fan Cambuur bliuwe.
De goals fan Cambuur kamen op namme fan Mark de Vries, Sandor van der Heide, Danny Guijt, Nassir Maachi en Kevin Diaz. Cambuur stiet no op in dield twadde plak, tegearre mei De Graafschap. Go Ahead Eagles stiet 1e.