Waaijer wethâlder yn Smel'lân

Piet Waaijer
Piet Waaijer wurdt tydlik wethâlder yn Smellingerlân. Hy nimt de funksje oer fan Fred Veenstra dy't yn jannewaris boargemaster wurdt fan Frjentsjerteradiel.
Waaijer hat earder fan 1994 oant 2007 wethâlder west fan Harns. Twa jier ferlyn stapte hy op nei oanlieding fan in kritysk rapport fan de rekkenkeamer en de krityk fan syn eigen partij op syn funksjoneren. Letter die bliken dat fan dy krityk neat kloppe.