Pealtsjes yn Snits wurkje net

13 nov 2009 - 16:36

In technysk mankemint soarget derfoar dat de automatyske pealtsjes yn it sintrum fan Snits de kommende tiid noch net te brûken binne. Mei dy pealtsjes moat it sintrum fan Snits ôfsletten wurde kinne foar it autoferkear, bygelyks as der merk is.

Yn novimber soene se yn gebrûk naam wurde, mar dat wurdt no net earder as ein dit jier. In stoaring soarget derfoar dat de pealtsjes net oansletten wurde kinne op it netwurk fan KPN.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)