Himpkwekerij yn Snits oprôle
De plysje hat twa fertochten oanhâlden by it oprôljen fan de hennepkwekerij yn Snits tongersdeitemiddei. De kwekerij siet oan de James Wattstrjitte. De fertochten komme út De Tynje en út Ljouwert.
Yn de kwekerij stiene 1250 planten. Dy binne yn beslach nommen. De plysje hie in anonime tip krigen.