Mooglik baan tafersjochhâlders

13 nov 2009 - 07:34

Dongeradiel nimt mooglik twa fan de sân tafersjochhâlders yn tsjinst, dy't no noch aktyf binne yn hiel noardeast-Fryslân. De sân ferlieze meikoarten har baan, omdat it projekt dêr't se foar wurkje ophâldt. De seis gemeenten dy't achter it projekt sitte binne der net tefreden oer.

Dongeradiel wol no twa fan de sân yn tsjinst nimme. De iene moat de gemeentlik parkearwachter ferfange, dy't mei pensjoen giet. De oare soe as tafersjochhâlder oan 'e slach kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)