Sponsor foar reedriders

12 nov 2009 - 22:34

De reedriders fan de eardere DSB-ploech hawwe in nije sponsor. Finansjeel detasjeringsburo Control hat in kontrakt tekenen foar 2,5 jier. Der wurdt noch socht nei in twadde haadsponsor. De ploech fan trener Jac Orie en reedrider Sjoerd de Vries fan Twellingea wurket tenei mei in budzjet fan 3 miljoen euro.

De ploech falt ûnder de stifting Jac Orie, nei't sponsor DSB Bank fallyt gie. De ploech waard dernei finansjeel stipe troch it reedridersbûn KNSB.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)