Dosinten moatte op staazje

12 nov 2009 - 19:37

Dosinten moatte op staazje yn it bedriuwslibben. Dat wol de Keamer fan Keaphannel yn Noard-Nederlan. Dy hat derfoar in spesjaal draaiboek ûntwikkele dat dosinten derby helpe moat. It bedriuwslibben klaget al langer dat dosinten net goed genôch op de hichte binne fan hoe't it der yn de praktyk oan ta giet.

Dertroch soene se harren learlingen ek net goed genôch tariede kinne op in baan yn it bedriuwslibben.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)