Nominaasje foar byldhorloazje

It byldhorloazje makket kâns op in priis
It byldhorloazje is nominearre foar de Herman Wijffels ynnovaasjepriis. De Fryske útfining foar minsken mei in beheining is betocht troch Ben Bunt fan Akkrum. It giet om in polsklokje sûnder sifers, mar mei plaatsjes. It idee is mei njoggen oaren út hast seishûndert ynstjoerings keazen.
De winner wurdt op 2 desimber yn Den Haach bekend makke en krijt dan 50.000 euro. It horloazje wurdt op it stuit teste troch in groepke kliïnten fan Talant.