Klachten B'him goed ôfhannele
It klachtenûmer fan de gemeente Boarnsterhim fuksjonearret goed. Mear as 80% fan alle klachten wurde op tiid en nei tefredenheid ôfhannele. Dat docht bliken út in evaluaasjerapport.
It klachtepunt is bedoeld foar meldings en klachten fan de ynwenners. Dy gean foaral oer ôffal, diken en iepenbier grien. Dit jier is it nûmer al goed 800 kear belle. Takom jier wol Boarnsterhim it noch better dwaan. Dan moat 90% fan alle meldingen binnen de stelde termyn ôfhannele wêze.