Nominaasje byb fan Frjentsjer

12 nov 2009 - 15:50

De iepenbiere bibleteek fan Frjentsjer docht in goai nei de titel "Beste bibliotheek van Nederland 2009". Dizze wedstriid wurdt organisearre troch it fakblêd Bibliotheekblad.

De bibleteken wurde beoardield op ynrjochting, tsjinstferliening en oanbod. De sjuery giet as mystery guest nei alle bibleteken om se te testen op dizze punten. De wedstriid wurdt dit jier foar it earst hâlden. Frjentsjer heart mids desimber oft se echt de beste byb fan it lân binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)