Fryske marren wer Frysk besit

De Fryske marren binne wer Frysk besit. Yn Den Haach hat steatssekretaris De Jager fan Ekonomyske saken de marren tongersdeitemoarn symboalysk oerdroegen oan deputearre Jannewietske de Vries. Fryslân krijt der sa mear as 9000 hektare wetter by.
Jûn wurdt yn Balk stilstien by de oerhandiging fan de Fryske marren. Deputearre De Vries nimt dan it earste eksimplaar fan in boek oer de Fryske marren yn ûntfangst.