CNV-aksje tsjin AOW-plannen

It CNV komt yn aksje tsjin de AOW-plannen
It fakbûn CNV hâldt moandeitemoarn in aksje tsjin de AOW-plannen fan it kabinet. Op alve treinstasjons yn it lân freget it CNV reizgers wat se fine fan de plannen foar de AOW. Yn Fryslân stiet it fakbûn op it stasjon fan Ljouwert.
It CNV wol dat de Twadde Keamer it AOW-foarstel oanpast sadat minsken mear frijheid ha om te kiezen. It fakbûn wol ek dat minsken mei lege ynkommens op har 65ste ophâlde kinne mei wurk, sûnder koarte te wurden op de AOW.