CO2 moat út de basisskoallen

IBS It partoer yn Burgum hat al in ynstallaasje
De gemeente Tytsjerksteradiel hat jild beskikber steld foar de basisskoallen om in subsydzje by it Ryk oan te freegjen foar it werom bringen fan de CO2-konsintraasje yn de skoallen.
Dêrmei moat it miljeu yn de skoalle ferbettere wurde. De subsydzje is ek bedoeld foar maatregels om enerzjy te besparjen. It Ryk betellet 60% fan de kosten, gemeenten de rest. Op skoalle It Partoer yn Burgum is lêsten al in systeem oanlein dat de CO2 yn de skoalle beheine moat.