Subsydzje foar St. Present

12 nov 2009 - 12:10

De gemeente Ljouwert jout de Stichting Present Leeuwarden tsientûzen euro subsydzje. De stichting bemiddelet tusken frijwilligers en minsken dy't help nedich ha. Frijwilligers melde har by Present en jouwe oan wat se dwaan kinne. Dêrnei wurde se keppele oan maatskiplike organisaasjes.

De stichting wol takom jier 50 gesinnen en partikulieren helpe. It giet dan ûnder oare om it opknappen fan de tún, helpe by in ferhuzing of it op stap gean mei âlderen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)