Fiskers net bliid mei wynmûnen

De fiskers wolle gjin wynmûnepark by Skiermûntseach
De fiskersferiening Hulp in Nood is min te sprekken oer plannen foar in wynmûnepark yn see by Skiermûntseach. Troch sa'n park geane opnij goede fiskgebieten ferlern.
De fiskersferiening hopet dat provinsjale steaten in negatyf advys jouwe oer it wynmûnepark. Deputerre Konst is oant no ta posityf oer it plan. Hy neamt it plan 'in kâns dy't je gripe moatte'. De fiskers tinke dat in wynturbinepark folle minder goed út kin, as de provinsje en it ryk tinke.