'Ungelok kaam troch skuorke'

De ynformaasjejûn yn it fabryk yn Dronryp
It ûngelok mei it salpetersoer yn Dronryp, is freed kommen troch in skuor yn de slang fan de tankauto. Dat is bekendmakke op de ynformaasjejûn foar bewenners. Op de jûn kamen ûngefear 100 bewenners ôf. Sy hearden hoe't de helptsjinsten en it fabryk sels reagearre hawwe op it ûngelok. Ek koene der fragen steld wurde.
Direkteur Hette Bouma fertelde dat it lossen fan it soer earst goed gong. Dêrnei is der jn gatsje yn de slang kommen. Dat is fierder trochskuord.