Dramatysk ûngelok Sint-Marten

De plysje hat foar de slachtoffers opfang regele
De fiering fan Sint-Marten is yn Sint Anne op in dramatyske wize einige. In jonkje (9) rekke swier ferwûne doe't hy de dyk oer draafde.
Op de krusing fan de Statenweg en de Tulpappel waard hy troch in auto oanriden. Hy bedarre dêrnei op de oare helte fan de dyk en waard dêr troch in oare automobilist nochris oanriden. It jonkje is swier ferwûne nei it UMCG yn Grins ferfierd en wie net mear oansprekber. Syn broerke en noch in oar jonkje seagen wat der barde.