Pleats wurdt sloopt foar As

11 nov 2009 - 11:55

De provinsje is dwaande mei de tarieding foar de oanlis fan de Sintrale As. De sloop fan wenten dy't plak meitsje moatte foar de nije dyk tusken Dokkum en Nyegea is al begûn. Woansdei binne in pleats en lisboksstâl oan de Doniawei yn Damwâld delhelle. Op termyn komt dêr in tunnel foar de Sintrale As.

As alle prosedueres nei ferwachting ferrinne, wurdt ein takom jier mei de oanlis fan de dyk begûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)