Farm Friends jout 1000ste ko

Boerinne Hilda Barry krige de 1000ste ko
Farm Friends hat dizze wike de 1000ste leaseko beskikber steld oan in boerinne yn Tanzania. Se hat in mikrokredyt krigen en koe dêrmei in ko keapje. De liening wurdt yn twa jier ôfbetelle mei it jild dat se fan it molkfabryk bart.
Helporganisaasje Farm Friends bestiet hast sân jier en bestiet foaral fan donaasjes út Fryslân wei. Mooglik wurdt it inisjatyf útwreide nei oare lannen, sa binne der oanfragen kaam út Kenia, Yndia en Suriname.