Plysje warskôget spoekfytsers
De plysje hat tiisdei goed 30 fytsers yn Ljouwert warskôge foar fytsen tsjin it ferkear yn. Der komme hieltyd faker klachten oer spoekfytsers. Dat is benammen op de Froupoartsbrêge, de Langdeelstrjitte en Goudenregenstrjitte.
De plysje kontrolearret de kommende tiid faker op dizze plakken. Fytsers dy't dan de fout yngeane, krije gjin warskôging, mar in boete.