Gemeenten wolle fan Omrin ôf

Dantumadiel en Dongeradiel sizze kontrakt Omrin op
Dantumadiel en Dongeradiel sizze it kontrakt op mei Omrin. Se biede har oandielen te keap oan. Se fine de ynvestearringen yn de ôffaloven yn Harns in te grut risiko. Se ferwachtsje dat troch de bou fan de sintrale oerkapasiteit op de ôffalmerk ûntstiet. Fan 2011 ôf stappe de gemeenten derút. De ôffalferwurking sil iepenbier oanbestege wurde, se tinke dan goedkeaper út te wêzen.
Dongeradiel en Dantumadiel wiene fan it begjin ôf oan tsjin de REC.