Nij fjild Snitser hockeyers

Sukses foar de 430 Snitser hockeyers
De Snitser hockeyclub SMHC krijt der in twadde fjild by. Dat hat de ried tiisdei besletten. De feriening mei 430 leden stiet bekend as 'de grutste hockeyklup fan it lân mei mar ien fjild'.
Op dat iene fjild moatte 40 teams traine en wedstriden spylje. En dat kin net, fynt de klup. De leden kamen manmachtich nei it stêdhûs ta om oandacht te freegjen foar it probleem. Mei sukses, want de ried lûkt jild út foar in twadde fjild foar SMHC.