Oare funksje De Boer by ONS

10 nov 2009 - 22:05

Fuotbaltrainer Fred de Boer hâldt nei dit seizoen op as haadtrainer fan sneons earste klasser ONS. De Boer hat der dan fjouwer jier opsitten as trainer fan de Snitsers. It kontrakt fan de oefenmaster rûn noch in jier troch, mar dat wurdt no omset nei haad jeugdoplieding by ONS oant 2013.

De Boer is al in skoft wurksum yn de top fan it amateurfuotbal. Sa wie hy ûnder oare trainer fan Bennekom, Odin, ACV, Be Quick 1887 en de Ljouwerter Sweltsjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)