Problemen troch ôffal yn rioel

10 nov 2009 - 12:16

Alle jierren komt der goed 1000 ton ôffal yn it Fryske rioelwetter terjochte. Om derfoar te soargjen dat minsken minder troep troch de goatstien en it húske spiele, is de oerheid dizze wike begûn mei in nije Postbus 51 kampanje.

Al dy troep, lykas plestik, fet en skjinmakdoekjes, soarget foar in soad problemen by suveringsynstallaasjes. De pompen en liedingen kinne ferstoppe reitsje en dan rint it suveringsproses fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)