Fryslân op Google Streetview

10 nov 2009 - 11:31

Grutte parten fan Fryslân binne sûnt tiisdei te besjen op Google Streetview. Minsken kinne op de kompjûter echte bylden sjen fan har stêd, doarp of strjitte. In auto mei fotokamera's dy't yn in straal fan 360 graden alles op byld sette, ried dêrfoar dizze simmer troch it noardlik part fan Fryslân.

Yn maart wiene Amsterdam, Rotterdam en Grins al te besjen. Net elkenien is bliid mei de tapassing. Guon fine dat har privacy oantaast wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)